SintJut.frl

Sint-Jânsgea wint Komplimint Oarlochsmonumint

Gepubliceerd door Dorpsbelang op 25 april 2018

oarlochskomplimint.jpg

 

It grêfmonumint foar Richard Jung yn Sint-Jânsgea is as winner út de bus kaam fan it Komplimint Oarlochsmonumint. Dit is in inisjatyf fan de provinsje en it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie, yn oparbeidzjen mei Stichting Erfgoed en Publiek. De sjuery fynt it hiel posityf dat it doarp de bern by it monumint belûkt en boppedat it monumint fierder útwreidzje wol.

jeroen2.jpg

Dochs gienen ek de oare fjouwer nominearre oarlochsmonuminten net mei lege hannen nei hûs. It Fredesmonumint yn Ealahuzen, it Monumint foar Jan Eisinga op De Gordyk, it Monuminteplein yn Koarnwertersân en it Oarlochsmonumint yn De Pein krigen in oarkonde om de klam te lizzen op it belang fan de monuminten yn de omjouwing.

 

Bron: Omrop Fryslan

 

Tags

This site uses cookies. Some of the cookies we use are essential for parts of the site to operate and have already been set. You may delete and block all cookies from this site, but parts of the site will not work.